Autobrannen oplost

21 feb 2006 - 22:10

De 22-jierrige Ljouwerter dy't oanhâlden is foar brânstichting, hat bekend. De man hat ek tajûn in sântal auto's yn de haadstêd yn de brân stutsen te hawwen. It motyf wurdt socht yn it freegjen om oandacht. Sa hat de fertochte sels in oantal autobrannen trochjûn fia it alarmnûmer 112.

De autobrannen hawwe foar in soad ûnrêst soarge yn de Ljouwerter wyk Huzum. Guon auto-eigners binne nachts wekker bleaun om de auto te beweitsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)