Autobrân yn Wolvegea

11 nov 2008 - 10:05

De brânwacht fan Wolvegea hat moandeitejûn in autobrân op de Lepeltsjesheide útmakke. De 27-jierrige eigner fan de auto seach út syn hûs wei dat syn auto yn 'e brân stie.

De man hat de auto fan 'e oprit treaun en sels besocht it fjoer dat ûnder de motorkap weikaam, út te meitsjen. Doe't dat net slagge hat de man de brânwacht belle. Dy hat it fjoer útmakke. De oarsaak fan de brân is noch net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)