Autobrân wreidet út nei hûs

27 apr 2014 - 10:59
  • Brânwacht

By in brân oan de Nova Cura yn Drachten binne sneontejûn in auto en in wenning skansearre rekke. Omwenjenden seagen dat der in auto yn de brân stie en warskôgen de brânwacht en de plysje.

Yntusken besochten se sels mei brânblussers it fjoer út te krijen, mar dat slagge net. In sket neist de auto fleach ek yn de brân en dêrnei de bykeuken fan in wenning. De brânwacht koe it fjoer úteinlik blusse.

It fjoer is nei alle gedachten ûntstien yn in ôffalkontainer dy't by de auto stie. De plysje slút brânstifting net út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)