Autobrân by tankstasjon Miro

12 feb 2010 - 16:57
  • De brânwacht dwaande mei neisoarch by de autobrân

Der hat freedtemiddei in auto yn 'e brân stien by it Tango-tankstasjon oan de Tynjedyk yn Ljouwert. It gie om it tankstasjon op it parkearterrein fan it Miro-winkelsintrum. De brânwacht is oproppen om de brân, dy't opskaald waard oant in grutte brân, te blussen.

De plysje hâlde omstanners op ôfstân. Oer de krekte oarsaak fan de autobrân is noch neat bekend. Om fiif oere kaam it sinjaal dat de brân ûnder kontrôle wie. It tankstasjon kin foarearst noch net brûkt wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)