Autobrân: amers wetter helpe net

18 jan 2001 - 16:42

De brânwacht moast der woansdei oan te pas komme om in autobrân út te meitsjen yn Dronryp. It fjoer wie ûntstien doe't de eigner de auto starte. De flammen loegen omheech út de motorkap.

Buertbewenners kamen mei amers wetter en brânblussers, mar it holp neat. Om't der in gastank yn 'e auto siet, waard de brânwacht ynskeakele. Dy wie yn seis minuten te plak en hat it fjoer dwêste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)