Autobiografy Piter Terpstra

24 aug 2007 - 16:59

By Tresoar is freed de autobiografy fan sjoernalist en skriuwer Piter Terpstra presintearre. De skriuwer ferstoar begjin ferline jier 86 jier âld en hat in 150 boeken op syn namme.

It measte súkses hie er mei syn Frysktalige boeken en toanielstikken. Dy giene ûnder oare oer histoaryske figueren as Eise Eijsinga en Gysbert Japiks. Ek hat er meiwurke oan de lêste Havank-boekjes. Einredakteur fan de autobiografy is Jacobus Knol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)