Autobiografy fan Pier Pander

01 jun 2014 - 12:11
  • Pier Pander
  • Autobiografy fan Pier Pander

De autobiografy fan de Fryske byldhouwer Pier Pander wurdt snein presintearre. Dit jier is it 150 jier lyn dat Pier Pander yn Drachten berne waard. Hy hat yn 1909 syn eigen biografy skreaun en dy wurdt no yn boekfoarm útjûn mei de titel 'Een jongetje op een schip'. It is in tin boekje, mar fan grutte betsjutting, neffens histoarikus Marcel Broersma. It jout goed oan watfoar grutte tsjinstelling oft der wie tusken de earmoedige jeugd en de lettere ynternasjonale karriêre fan de byldhouwer.

Pander brocht syn jeugd troch op it skûtsje fan syn âlden. Doe't syn artistike talint nei bûten kaam, hat er studearre yn Amsterdam en Parys. Letter waard Pier Pander yn Rome in súksesfol byldhouwer mei grutte opdrachtjouwers as bygelyks it Nederlânsk keningshûs.

Yn Histoarysk Sintrum Ljouwert is in tentoanstelling oer Pier Pander te sjen en dêrby is ek wiidweidich omtinken foar in learling-byldhouwer fan Pier Pander, de Grinzer Fré Jeltsema.

In tin boekje, mar fan grutte betsjutting, neffens histoarikus Marcel Broersma. It jout goed oan hokker grutte tsjinstelling der wie tusken de earmoedige jeugd en de lettere ynternasjonale karrière fan de byldhouwer

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)