Autobestjoerders yn de fout

29 jul 2010 - 11:46

In 17-jierrige jonge út Ljouwert is woansdeitejûn op Skylge oanhâlden. Hy ried mei te folle alkohol op sûnder rydbewiis yn in auto. De jonge waard trapearre doe't er hurd oer de Willem Barentzkade yn West ried. De plysje sette him op de Denneweg oan de kant.

Yn St. Nyk rekke in 19-jierrich famke it rydbewiis kwyt. Se is begjinnend bestjoerder en hie te folle drank op. In man út St. Jabik moast ek syn rydbewiis ôfjaan. Hy ried 64 km te hurd op de A31 by Seisbierrum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)