Autobestjoerder ûnder ynfloed hat tsien joints yn de auto

06 maaie 2015 - 10:30

In 60-jierrige Snitser is tiisdeitejûn oan de Singel oanhâlden foar autoriden ûnder ynfloed. De plysje seach him slingerjend oer de wei riden en joech in stopteken. By kontrôle die bliken dat der fiif joints op de autostoel neist de bestjoerder leine. Yn syn bûsen hie er noch fiif oare himp-sigaretten.

De drugs binne yn beslach naam. De man moast syn rydbewiis ynleverje. Der is proses-ferbaal tsjin him opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)