Autobestjoerder ramt beammen yn Wâlterswâld

17 apr 2016 - 11:09
  • De auto botste tsjin meardere beammen

In autobestjoerder is sneontejûn yn Wâlterswâld oppakt troch de plysje, nei't er mei syn auto tsjin meardere beammen botste op de Broekloane. De man soe sawol oan de linker- as de rjochterkant fan de dyk beammen rekke hawwe, wêrnei't syn auto ta stilstân kaam. Hy naaide út, mar de plysje koe him yn de buert oppakke.

Hy is troch ambulânsepersoniel opfongen. It is net bekend oft de man ferwûne rekke is. De reden foar it ûngelok is ek noch net dúdlik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)