Autobestjoerder ketting fan de hals ôf lutsen by strjitrôf

12 maaie 2015 - 12:11
  • De Kei yn Ljouwert

De plysje yn Ljouwert siket tsjûgen fan strjitrôf dy't moandeitemiddei plakfûn op De Kei. In 52-jierrige Ljouwerter waard dêr berôve fan syn ketting.

De man woe fuortride mei de auto, doe't in oare man oanjoech dat er him wat freegje woe. Doe't de Ljouwerter it autorút iependie, luts de rôver him de ketting fan 'e hals en naaide út yn de rjochting fan de Ljouwerter Bosk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)