Autobekûgelers oanhâlden

16 jul 2013 - 14:32

De plysje fan It Hearrenfean hat moandeitejûn twa jonges oanhâlden dy't op De Jister mei stiennen nei foarbyridende auto's smieten. In tsjûge alarmearre de plysje. Dy seach ferskate minsken fuortrinnen. De plysjes koene in 15-jierrige jonge út It Hearrenfean en in 18-jierrige jonge út De Knipe oanhâlde. Se sitte fêst om heard te wurden.

De plysje slút mear oanhâldings net út. De lêste wiken binne auto's op It Hearrenfean faker mei stiennen bekûgele.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)