Autobekrassers noch net fûn

19 jun 2008 - 09:48
  • Hast fyftich auto´s waarden bekrast
  • De skea rint yn de tsientûzenen euro´s

It plysje-ûndersyk nei it bekrassen fan auto´s yn Burgum hat noch neat opsmiten. Yn de nacht fan sneon 7 op snein 8 juny waarden sawat fyftich auto´s bekrast. De plysje docht in nije oprop oan mooglike tsjûgen om harren te melden.

De auto´s stiene ûnder oare parkeard oan ´e Ademastrjitte, Kleasterloane en de Kolfbaan. De skea rint yn de tsientûzenen euro´s. De fernielings hawwe plakfûn tusken healwei ienen en healwei trijen nachts.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)