Autobannen yn 'e brân stutsen

17 des 2007 - 10:25

In 31-jierrige Boalserter hat moandeitemoarn betiid autobannen yn 'e brân stutsen op de Harnserstrjitte yn syn wenplak. In befeiligingsmeiwurker seach dat de man brânbere floeistof op in brantsje smiet. De plysje stelde fêst dat it om twa baarnende autobannen gie. De brânwacht moast derby komme om in brantsje út te meitsjen. De plysje hat de man oanhâlden en nei it buro yn Drachten oerbrocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)