Auto-ynbrekker Ljouwert oppakt

10 okt 2014 - 09:54
  • Autostellerij (argyffoto)

In 44-jierrige man sûnder fêst wenplak is tongersdeitejûn op 'e die betrape nei't er oan de Grinzerstrjitwei yn Ljouwert in autoradio stellen hie. In 38-jierrige Ljouwerter seach dat syn autodoar iepen stie. Doe't er yn syn auto seach, konkludearre er dat de autoradio fuort wie.

Yn de buert fan de auto rûn de dief mei in grutte bult ûnder de jas. Hy naaide út doe't er de Ljouwerter seach, mar koe pakt wurde troch de tsjûge. De plysje koe de dief efkes letter oanhâlde en fûn noch trije autoradio's.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)