Auto yn wetter yn Ljouwert

27 apr 2013 - 10:24
  • Auto te wetter

Yn Ljouwert kaam freed in melding binnen dat in auto te wetter rekke wêze soe oan it Bisschopsrak. Doe't de plysje oankaam, wie de auto al hielendal ûnder wetter ferdwûn. Dûkers fan de brânwacht konstatearren dat der gjin minsken mear yn de auto sieten. Nei kontrôle fan it kenteken die bliken dat de auto fan in 43-jierrige frou út Ljouwert wie. Sy tocht dat de auto op it parkearplak stie, mar dat wie dus net sa. De frou hat oanjefte dien en de plysje ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)