Auto yn wetter Prinsetún

28 jul 2013 - 10:26

By de Frouwepoartsbrêge yn Ljouwert is sneontenacht in dronken man fan 29 út Ljouwert mei syn auto yn it wetter rekke. Dêrnei is de man útnaaid. Hy ried oer de Grienewei en rekke yn de bocht fan de Bûterhoeke de macht oer it stjoer kwyt. Hy ramde in beam en rekke in boat dy't oan de kant lei. Dêr leine twa minsken op te sliepen, mar dy rekken net ferwûne.

Omstanners seagen dat de man sels út de auto komme koe en dat hy yn de rjochting fan it sintrum rûn. Letter is er oanhâlden troch de plysje.

Helptsjinsten hawwe yn de auto noch socht nei mear slachtoffers, mar dy waarden net fûn. De auto is snein út it wetter weihelle. Boaten koene in skoft lang net farre op it stik wetter oan de Prinsetún tusken de Frouwepoartsbrêge en de Noarderbrêge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)