Auto yn wenning yn Oranjewâld; bestjoerder wie 78 jier

03 maaie 2015 - 11:10
  • Auto rydt hûs Oranjewâld yn

De auto dy't sneontemiddei in wenning yn Oranjewâld ynried, waard bestjoerd troch in man fan 78 jier. Hy wie fan syn oprit ôf achterút riden en rjochttroch de tún ynriden fan de oerbuorlju. De auto kaam pas ta stilstân doe't dy yn de wenning stie. Buertbewenners ferlienden earste help oan de bestjoerder en holpen him út de auto. Hy is foar konktrôle oerbrocht nei it sikehûs. Syn rydbewiis is ynnommen.

De brânwacht hat de wenning te skoar set mei peallen. It die bliken dat de bewenners net thús wienen. De plysje fong har by thúskomst op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)