Auto yn sleat neist Sintrale As by Broeksterwâld

14 apr 2016 - 08:24

Op de Sintrale As by Broeksterwâld is tongersdeitemoarn tsjin sân oere in man mei syn auto yn de sleat bedarre. Mooglik rekke er troch de mist fan de dyk. De man koe sels út syn auto komme en is opfong troch ambulânsepersoniel. De bestjoerder is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

De rjochter rydstrook waard tydlik ôfsletten foar it ferkear fanwegen it ûngelok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)