Auto yn sleat by Ingwierrum

28 sep 2013 - 14:37
  • Auto yn sleat by Ingwierrum

In 76-jierrige man is freedetemiddei mei de auto de sleat oan de Saatsenwei by Ingwierrum yn riden. De man út Wedde yn Grinslân is nei alle gedachten mei de tsjillen yn 'e berm kaam en doe de wei oersketten, de sleat yn.

De man koe sels út de auto klimme. Hy is mei pine yn de nekke nei it sikehûs brocht. Der is gjin alkohol yn it spul, sa makke de plysje bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)