Auto yn sleat by Hallum; bestjoerder ferwûne

28 jun 2015 - 12:22

Yn Hallum rekke in man sneontejûn ferwûne op de Vijfhuisterdijk. Plysjes krigen in melding dat in auto yn de sleat lei. Doe't de plysjes op it plak oankamen, die bliken dat de 31-jierrige bestjoerder út Burgum en in 19-jierrige passazjier út Aldwâld al út de auto wienen. De Burgumer wie ferwûne oan de skonk en moast nei it sikehûs. It is net dúdlik hoe't de auto yn de sleat bedarre wie. De bestjoerder hie net dronken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)