Auto yn sleat by Eastermar

20 okt 2008 - 21:56
  • Der waard allinnich in lege auto fûn.
  • Dûkers yn aksje.(foto's Henk Koster)

Op de Swartewei by Eastermar is moandeitejûn in auto op de kop yn de sleat rekke. Nei in melding trof de plysje in lege auto oan. De brânwacht fan Burgum moast der oan te pas komme lykas de dûkers fan De Westereen en Damwâld. Dy koene neat fine.

Letter op 'e jûn krige de plysje in telefoantsje dat de bestjoerder by de melder thús siet. De Burgumer (21) is doe ophelle en meinommen nei it buro foar in blaastest. It resultaat wie dat hy syn rydbewiis ynleverje moast.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)