Auto yn sleat by Drylts

22 des 2013 - 13:20

In foarbygonger seach sneintemoarn by Drylts in auto yn de sleat by de Sudergowei. Der wie net ien mear by de auto. De foarbygonger warskôge de plysje.
Dy spoarde de bestjoerder op mei help fan it kenteken. De man waard thús oanhâlden foar it riden ûnder ynfloed. It giet om in 31-jierrige man út Drylts.

De man is oerbrocht nei it plysjeburo foar in bloedproef en proses-ferbaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)