Auto yn sleat by Dronryp

26 apr 2009 - 13:05
  • De helptsjinsten wiene der gau by yn Dronryp
  • Foto's : Aise van Beets

By Dronryp is sneintemoarn even nei alven in auto yn 'e sleat bedarre. De man ried fan 'e Rypsterdyk oer de rotonde de Strjitwei op. Troch de rein wie it pleatslik glêd. De man rekke yn in slip en bedarre oan de rjochterkant fan de dyk yn 'e sleat.

De bestjoerder rekke net ferwûne en koe sels út syn auto komme. Troch de droechte fan 'e ôfrûne tiid soarge de rein foar in glêd laagje op 'e dyk. Der wiene ek slippartijen op It Hearrenfean en op 'e Jouwer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)