Auto yn sleat by A7 Aldehaske

07 apr 2014 - 12:04
  • Plysje

Op de A7 by Aldehaske is sneintejûn in auto de sleat yn riden. De 38-jierrige bestjoerder út Makkum ried nei alle gedachten te hurd oer de ynfoechstripe de sneldyk op en hie de auto net mear yn de macht.

In dokter dy't tafallich delkaam, joech earste help. Ambulânsepersoniel naam it dêrnei oer, mar de man wie dwers en ferkeard. It fermoeden wie dat er dronken wie en dêrom moast er yn it sikehûs in alkoholdrugstest dwaan. De útkomst dêrfan is noch net bekend, likemin as hoe't it mei de ferwûnings is. De plysje hat syn rydbewiis ynnaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)