Auto yn sleat by A32

12 aug 2013 - 14:06
  • A32

In auto mei fjouwer ynsittenden is sneintejûn op de A32 by de ôfslach nei It Hearrenfean yn it wetter rekke. De passazjiers binne trije Gordyksters fan 19 en 21 jier en in 19-jierrige man út Jubbegea. Se kamen mei de skrik frij

Hoe't de auto yn it wetter bedarre is, is net bekend. De bestjoerder hie gjin drank op. In berger hat de auto, dêr't inkeld noch it dak fan te sjen wie, út it wetter helle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)