Auto yn saak deade frou fûn

17 jun 2011 - 12:29
  • De Partuerstrjitte yn Snits (foto: Alle Faber, Omrop Fryslân)

De plysje hat de auto fûn fan in man dy't mooglik belutsen is by de dea fan in frou yn Snits. De auto wie bûten Fryslân. De plysje wol noch net sizze wêr krekt. De 27-jierrige frou waard freedtemoarn betiid nei in 112-melding fûn yn har hûs yn de Partuerstrjitte. Se wie doe al ferstoarn. Ut foarsoarch is noch wol in traumahelikopter oproppen.

Fanwege de omstannichheden fan de dea fan de frou is daliks in grut plysje-ûndersyk ynsteld mei 25 resjersjeurs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)