Auto yn 'e sleat by Wommels

24 jan 2010 - 14:30
  • De ynsittenden koene der sels útkomme (foto: Jaring Rispens)

Op de Westergoawei by Wommels is sneintemoarn in auto fan 'e dyk rekke. De bestjoerder rekke troch de glêdens de macht oer it stjoer kwyt en kaam op 'e kop yn 'e sleat ta stilstân.

De auto sakke ek noch troch it iis. De bestjoerder en in bern koenen sels út de auto komme. Se binne troch it alarmearre ambulânse personiel ûndersocht, mar hiene gjin ferwûnings. De auto is burgen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)