Auto yn 'e sleat by Winsum

14 sep 2014 - 08:42

Op de krusing fan de Stjelpdyk en de Plattedyk by Winsum is sneontejûn in frou fan 42 jier út Tsjom mei de auto fan de dyk rekke en yn 'e sleat bedarre. De bestjoerder fan de auto efter har seach dat en warskôge de helptsjinsten. Trije ambulânses, de brânwacht en in traumahelikopter kamen nei it plak fan it ûngelok.

De brânwacht hat it slachtoffer út de auto helle. Mei ferwûnings oan de holle is se mei de ambulânse nei it sikehûs yn Grins brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)