Auto yn 'e sleat troch ein

11 maaie 2014 - 12:38
  • Ein

In oerstekkende ein hat sneintemoarn betiid in ûngelok feroarsake op de Zuidwalweg yn Harns. In frou fan 19 út Harns woe foar it bist útwike, mar ferlear de macht oer it stjoer.

Se bedarre yn de sleat njonken de dyk en rûn ferwûnings op troch it glês fan de autoruten. De frou is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De oare ynsitters kamen mei de skrik frij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)