Auto yn 'e sleat by Raerd: bestjoerder naait út

29 maaie 2015 - 22:34
  • Auto yn 'e sleat by Raerd

In auto is freedtejûn op de N354 by Raerd fan de dyk rekke en op 'e kop yn 'e sleat telâne kaam. De bestjoerder is nei it ûngelok útnaaid. De plysje hat noch nei him socht, mar koe him net fine. De plysje wit wol om wa't it giet. Ien rydbaan hat in skofke ôfsletten west fanwege de berging.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)