Auto yn 'e sleat op A7

07 sep 2009 - 09:39

By in ûngelok op 'e A7 by Aldehaske is sneintejûn in automobilist (57) út Heerhugowaard ferwûne rekke. De man ried fan It Hearrenfean nei De Jouwer, doe't er yn 'e sleat njonken de dyk telâne kaam. De auto bleau op de sydkant yn 'e sleat lizzen.

Tsjûgen en de plysje wisten de man derút te heljen. Ien fan 'e tsjûgen, in 20-jierrige Jouster, sette syn auto sa del, dat de ljochten op 'e ferûngelokke auto skynden. It slachtoffer is nei it sikehûs oerbrocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)