Auto yn 'e sleat op A7

13 sep 2012 - 10:25

Op de A7 tusken Snits en Boalsert is woansdeitemoarn in automobiliste mei de auto oer de kop slein en yn de feart bedarre. Tsjûgen seagen hoe't de 35-jierrige frou begûn te slingerjen, neist de dyk telâne kaam en oer de kop yn de feart rekke.

Ien fan de tsjûgen helle de frou fuortendaliks út de auto wei. Se is foar ûndersyk nei it sikehûs fan Snits brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)