Auto yn 'e sleat by Marsum

03 mrt 2008 - 11:09
  • Auto yn 'e sleat
  • Foto's : Aise van Beets

Op de autodyk tusken Marsum en Ljouwert is moandeitemoarn in auto fan de dyk rekke. In frou kaam fan de rjochting fan Marsum en is nei alle gedachten yn in bocht de macht oer it stjoer kwyt rekke, wylst se oan it ynheljen wie.

Se is de paralleldyk oersketten en dêrnei yn de sleat bedarre. Omstanders hawwe de frou mei út de auto helle. Har ferwûnings falle ta. De frou kaam krekt fan Skiphol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)