Auto yn 'e feart troch slûgens

09 jan 2006 - 09:51

In 19-jierrige jonge is sneontenacht op de A31 tusken Frjentsjer en Dronryp mei syn auto yn it wetter rekke. De bestjoerder wie yn sliep fallen en kaam mei syn auto yn 'e sleat telâne.

De jonge en syn beide passazjiers holden allinnich in wiet pak oer oan it ûngelok. Se koene sels út de auto komme en warskôgen de helptsjinsten. Op it plysjeburo yn Ljouwert mochten de trije dûse. In takeltsjinst hat de auto fuortsleept.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)