Auto yn 'e brân op Wâldwei

05 des 2003 - 00:00

It ferkear op de Wâldwei tusken Drachten en Ljouwert hat freedtemoarn in soad lêst hân fan in auto dy't yn de bran flein wie. De 48-jierrige bestjoerder út Grins koe op de tiid út de auto komme.

It fjoer ûnder de motorkap is blust troch in oare autobestjoerder. Nei't brânwacht en plysje de auto oan de kant setten hiene, koe it ferkear der wer lâns. Hoe't de brân yn de auto ûntstien is, is net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)