Auto yn de slip: famke ferwûne

07 des 2007 - 10:57

In 14-jierrich famke út Koatstertille is tongersdei yn har wenplak swier ferwûne rekke by in ûngelok. Se waard oanriden troch in man yn in auto. Dy wie troch ûnbekende oarsaak yn in slip rekke doe't it famke by him delfytste.

It famke is holpen troch personiel fan twa sike-auto's en de traumahelikopter. Dêrnei is se mei in sike-auto nei it sikehûs yn Grins brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)