Auto yn de brân op It Fean

22 apr 2007 - 15:32

Op de Trekschuit op It Hearrenfean is sneontemiddei in auto yn de brân rekke. De eigner, in 43-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean, hie meardere kearen besocht om de auto te starten. (De auto ried standaard op gas).

Dêrby ûntstie in grutte reekûntwikkeling ûnder de motorkap, folge troch brân. De brânwacht hat it fjoer útmakke. De auto is total loss.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)