Auto yn beslach nommen

10 aug 2008 - 14:43

De auto fan in 27-jierrige ynwenner fan de De Triemen is freed yn beslach nommen. De man wie fan de dyk helle omdat de byrider in lyts bern op de skoat sitten hie.

By de kontrôle die bliken dat it rydbewiis fan de man al fjouwer jier net mear jildich wie. De 27-jierrige hie dêr earder ek alris in bekeuring foar hân. Tsjin de man is op 'e nij proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)