Auto útbaarnd yn Ljouwert

19 maaie 2006 - 10:41

De auto fan in 47-jierrige ynwenner fan Baaium is tongersdeitemoarn betiid útbaarnd op de Marshallwei yn Ljouwert. De auto stie parkeard yn in garaazje. Mooglik troch koartsluting is de auto yn brân flein.

De brânwacht moast der oan te pas komme om de brân út te meitsjen. De auto gie hielendal ferlern. Ek de garaazjeboks hat flink wat skea oprûn by de brân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)