Auto útbaarnd yn It Heidenskip

08 jul 2006 - 17:33

Op de Heidenskipsterdyk yn It Heidenskip is sneontemiddei in auto útbaarnd. De bestjoerder wie ûnderweis nei Warkum, doe't er fernaam dat der reek út 'e auto kaam. De man koe der op 'e tiid útkomme.

De branwacht fan Warkum waard oproppen om it fjoer út te meitsjen. De auto stie flakby de âlde mûne fan It Heidenskip, mar dy hat net yn gefaar west. De auto is folslein ferlern gien en fuortsleept.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)