Auto útbaarnd op flechtstrook

11 okt 2008 - 14:22

Op de grutte dyk by Dronryp is sneontemoarn in auto útbaarnd. De 33-jierrige autobestjoerder fernaam ûnder it riden dat syn auto stadiger begûn te riden. Hy seach ek dat der reek ûnder de motorkap weikaam.

Hy sette de auto op de flechtstrook. Doe seach er in bûzjy fallen en koart dêrnei sloegen de flammen ûnder de motorkap wei. De brânwacht hat it fjoer útmakke en dêrnei is de auto fuortsleept.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)