Auto útbaarnd op A7

02 maaie 2005 - 16:59

In persoane-auto is sneintemiddei folslein útbaarnd. Dat barde op de flechtstrook fan de A7 tusken De Jouwer en Snits. De froulike bestjoerder, in 66-jierrige ynwenner fan Emmen, seach reek út de fentilaasje yn de auto kommen.

Dêrnei sette se de auto op de flechtstrook flak nei de Prinses Margriettunnel. Se krige help fan twa oare automobilisten. Guod fan wearde hat se noch út de auto helje kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)