Auto útbaarnd by Jorwert

01 mrt 2009 - 15:52
  • Foto: JRF/Jaring Rispens

Op de Hesenserreed tusken Jorwert en Hilaard is yn de nacht fan sneon op snein in auto hielendal útbaarnd. Om ien oere hinne seach in foarbygonger de auto yn 'e brân stean, mar de bestjoerder en mooglike oare ynsittenden fan de auto wiene nearne te finen.

De brânwacht hat it fjoer útmakke. De plysje docht noch ûndersyk nei de tadracht fan de brân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)