Auto út 'e bocht yn feart

18 maaie 2008 - 14:22

In 67-jierrige ynwenner fan Ljouwert rekke sneontenacht ferwûne by in ûngelok yn Wynjewâld. De man siet by in frou fan 56 út Ljouwert yn de auto. De besjoerster seach in bocht oer de kop en skeat mei de auto de sleat yn.

In omstanner helle de man út de auto. Hy is mei ferwûnings oan de holle nei it sikehûs brocht. De frou moast troch de brânwacht út de auto helle wurde, mar wie net ferwûne. Nei in bloedproef krige de frou in proses-ferbaal en in rydferbod fan 12 oeren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)