Auto-ûngemak it Amelân

16 okt 2000 - 11:07

By in auto-ûngemak op it Amelân is yn de nacht fan sneon op snein in 16jierrich famke út Bueren slim ferwûne rekke en letter yn it sikehûs ferstoarn. Se siet by in 18-jierrige Hollumer yn 'e auto dy't yn de sleat telâne kaam.

It famke is mei de rêdingsboat nei it sikehûs op de wâl brocht om't de helikopter fanwege de mist net fleane koe. De bestjoerder rekke net ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)