Auto-ûngelokken troch drank

18 nov 2002 - 00:00

In 54-jierrige Ljouwerter hat snein mei syn auto njoggen parkearde auto's oanriden. Doe't de man oanholden waard die bliken dat er tefolle dronken hie. Hy krige in rydferbod fan 12 oeren en moast syn rydbewiis ynleverje.

In 21-jierrige Westereiner ferlear snein de macht oer it stjoer en botste mei syn auto tsjin in lantearnepeal. Hy en syn passazjier slingeren dêrby út 'e auto en binne oerbrocht nei it sikehûs. De man hie mooglik te folle dronken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)