Auto-ûngelok op Betonwei

14 jan 2008 - 16:39

Op de Betonwei by De Harkema hat moandeitemiddei in frontale botsing plakfûn tusken in frachtwein en in persoane-auto. De bestjoerder fan de persoane-auto is hjirby ferwûne rekke en moast troch de brânwacht út de auto helle wurde.

Ek it mobyl medysk team is ynskeakele. Oer de aard fan de ferwûnings fan de automobilist út de persoane-auto en de tadracht fan it ûngelok is noch gjin dúdlikheid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)