Auto-ûngelok by Donkerbroek

14 jun 2010 - 10:13

Op de N381 by Donkerbroek wie sneintemiddei in ûngelok, wêrby't trije auto's belutsen wiene. In man (60) út Lippenhuzen bedarre mei syn auto op de ferkearde helte fan de dyk. Hy botste dêrnei tsjin de auto fan in man (51) út Oranje. Dy kaam dêrtroch wer yn botsing mei in oare auto.

De auto fan de man út Lippenhuzen rekke yn de sleat. Syn byrydster (60) koe sels út de auto komme. Sy is oerbrocht nei it sikehûs. De man waard troch de brânwacht út syn auto helle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)