Auto tsjin beam yn Droegeham

15 feb 2006 - 16:18

In 37-jierrige man út Stroobos is tiisdei mei nekklachten yn it sikehûs rekke, nei't er yn Droegeham mei syn auto tsjin in beam riden wie. De man moast útwike foar in tsjinlizzer.

Nei de botsing rekke er beknipe yn de auto. Hy moast der troch de brânwacht úthelle wurde. De plysje tocht dat de man dronken hie. Yn it sikehûs waard bloed ôfnaam foar ûndersyk. De man syn auto rekke troch it ûngelok swier fernield.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)